Trio V.d. Meer wint yn Bitgum
It partoer fan Rutmer van der Meer, Herman Sprik en Marten Feenstra hat de útnoegingskeatspartij yn Bitgum wûn. Sy wiene yn de finale mei 5-4 en 6-6 te sterk foar it trio Johan van der Meulen, Folkert van der Wei en Pier Piersma.
Op de stân 5-4 en 6-6 makke opslagger Rutmer van der Meer mei in sitbal de partij út.