Man mei harddrugs oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtemiddei in man fan 30 jier út Britsum oanholden foar drugsbesit. De fertochte hie trije wikkels harddrugs by him, nei alle gedachten speed. Surveillearjende plysjes krigen in tip dat in man him nuver gedroech.
Op de Simmerkrite yn Ljouwert seach de plysje de man yn in auto sitten. Yn de auto fûn de plysje de drugs. De Britsumer waard nei it plysjeburo brocht. Hy hat proses-ferbaal krigen. De drugs binne yn beslach naam.