Slachtoffer beknypt yn auto

22 aug 2009 - 14:45
  • Foto: Yvonne van den Brink

In 19-jierrige ynwenner fan Arum is freedtejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn Harns. It slachtoffer siet yn de auto by in 39-jierrige man út Mullum. Yn de Edisonstrjitte sloech de auto yn in bocht oer de kop. De passazjier siet beknypt en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde.

Hy is oerbrocht nei it sikehûs fan Ljouwert. De bestjoerder hat nei alle gedachten fierstente hurd riden. Op it buro die bliken dat er ek te folle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)