Wanbeteller oanholden

22 aug 2009 - 14:41

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon yn Dokkum in 23-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak oanholden omdat er noch in tal boetes iepen stean hie. Plysjes seagen dat de man sûnder gurdel yn syn auto ried.

Se sprutsen him dêrop oan en brochten him nei it buro. By it fûllearjen fûn de plysje in falsk biljet fan 100 euro yn syn klean. De man waard foar ferhoar ynsletten. Hy hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)