Brân op stoart Aldehaske

Der hat sneontemiddei brân west op it stoart De Wierde yn Aldehaske. Dêr stie in grutte bulte mei smoargens yn 'e brân. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle. Troch de brân ûntstie in grutte reekplûm.
Der hat dit jier al meardere kearen brân west. Troch broei yn it smoargens wie it hieltiid dreech de brân ûnder kontrôle te krijen.