Goede simmer foar swimbaden

22 aug 2009 - 12:43

It hat in goede simmer west foar de Fryske iepenloft swimbaden, mar wat de besikersoantallen oanbelanget sil 2009 gjin topjier wurde. De temperatuer wie goed, mar der wie net altyd likefolle sinne.

De measte swimbaden binne tefreden. It kin lykwols foar swimbad Mounewetter yn Wytmarsum wol in topjier wurde. Minsken út de hiele regio komme nei Mounewetter ta en konkurrinsje fan Makkum is der net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)