Jacht lek op Pollendam

In dielnimmer oan de 24-oerssylrace dy't op it stuit fearn wurdt, hat yn de nacht fan freed op sneon syn skip lek fearn op de Pollendam op it Waad by Harns. It syljacht Bo die in needoprop neidat it by it krusen op de stiennen rûn wie. De Harnzer rêdingboat Wiecher en it Harnzer bergingsbedriuw Noordgat giene der op ôf. It 13 meter lange skip waard leechpompt en fan de strekdaam lutsen.
Tusken twa fan de helpferlienende skippen yn is it jacht nei Harns brocht.