SC Cambuur net foarby MVV

21 aug 2009 - 22:41
  • Ruud ter Heide krige read (foto: Martin de Jong)

SC_Cambuur is der freedtejûn net yn slagge om te winnen fan MVV. Yn eigen hûs kamen de Ljouwerters net fierder as 1-1. Yn in minne earste helte kaam Cambuur wol op foarsprong. In skot fan Danny_Guijt waard fan rjochting feroare en liet keeper Boffin kânsleas.

Nei it skoft spile Cambuur better en kamen der ek kânsen, mar de goal foel oan de oare kant. Ynfaller Jonas Olsen kopte de 1-1 binnen. Yn de slotfaze krige Ruud_ter_Heide noch read nei in earmtakke yn it gesicht fan Castellana.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)