Omklaaiprobleem famkesfuotbal

© Omrop Fryslân
Fryske klups hawwe faak muoite om genôch klaairomte te finen foar alle nije froulike leden dy't se krije. Dat seit de foarsitter Jan van Driel fan KNVB-ôfdieling Noard. De ynteresse foar it frouljusfuotbal is grut.
Ek yn Fryslân is it tal nije famkes dat fuotbalje wol it ôfrûne jier wer tanaam. It giet om in trend. Van Driel ferwachtet dat de groei fan it tal fuotbaljende froulju ek yn de takomst trochsette sil.