Slagter fierder as dirigint

© Omrop Fryslân
Solohoarnist Jacob Slagter, dy't berne is yn Kollum, giet mei yngong fan it nije seizoen by it Keninklik Konsertgebou-orkest wei. Dat hat it orkest yn Amsterdam freed bekendmakke. Slagter sil fierder as dirigint by ûnder oare it Brabants Orkest en it Orkest fan it Easten.
Jacob Slagter is sûnt 1981 ferbûn oan it konsertgebou-orkest. Sûnt 1985 is er ien fan de twa fêste solohoarnisten. Hy is ek dosint oan it konservatoarium yn Amsterdam.