NDC nimt 'Kollumer Krante' oer

21 aug 2009 - 12:12
  • Website nijsnet.nl wurdt ek oernommen troch de NDC

It Nijsblêd fan Noard-East Fryslân, de wykblêden hûs-oan-hûs, Westerkwartier en de webside Nijsnet.nl binne ferkocht oan de NDC-Mediagroep, útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante. De titels wurde oernaam fan Banda Utjouwerij yn Kollum en It Hearrenfean.

Troch de oername kin de NDC advertearders in hûs-oan-hûs fersprieding oer hiel Fryslân oanbiede. It printsjen fan 'e kranten bliuwt wol by drukkerij Banda.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)