Skea oan auto's troch hagel

21 aug 2009 - 11:31
  • Sokke hagelstiennen foelen tongersdei yn Wommels (foto Henk Bootsma)

Tongerbuien boppe Fryslân hawwe tongersdeitenacht in soad skea feroarsake oan auto's. Hagelstiennen as bakkerts sa grut klapten op it autoblik. Hûnderten dûken wiene it gefolch. Dy moatte der stik foar stik úthelle wurde. Benammen yn de omkriten fan Boalsert en Boksum gie it need.

By it bedriuw Autoschade Posthuma yn Ljouwert binne se der drok mei. Allinnich freed al binne der sa'n tritich auto's rûnom út Fryslân wei binnen brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)