Man by Tsjalbert fan A7 helle
De plysje hat tongersdeitejûn op de rykswei A7 by Tsjalbert in 47-jierrige man sûnder fêst wen- en ferbliuwplak oanholden. De man slingere mei de auto oer de dyk en koe by syn oanhâlding gjin identiteitsbewiis toane.
Op it plysjeburo die bliken dat de fertochte gjin jildich rydbewiis hie en dat der noch ferskate boetes fan de man iepen stiene.