Man oanriden troch taksy

21 aug 2009 - 10:29

In 43-jierrige ynwenner út Surhústerfean is tongersdeitemiddei oanriden troch in taksy. It slachtoffer wie krekt út de taksy stapt en woe achter de auto del rinne. De taksysjauffeur, in 42-jierrige ynwenner út Surhústerfean, seach de man net en ried tsjin it slachtoffer oan.

De man moast foar behanneling oerbrocht wurde nei it sikehûs, mar koe dêrnei wer nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)