H'fean gelyk yn Grikelân

20 aug 2009 - 21:40

SC Hearrenfean is der tongersdei yn it Grykske Thessaloniki knap yn slagge tsjinstanner PAOK yn 'e stringen te hâlden. Yn in smoarhyt stadion waard it 1-1. Paolo Henrique makke op slach fan rêst 0-1. Yn de 55ste minút kaam PAOK op gelikense hichte, en dat wie fuort ek de útslach.

De sfear waard grimmitich en de skiedsrjochter dielde yn sân minuten tiid trije giele kaarten út. Ien wie foar de nije Hearrenfeanferdigener Gerry Koning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)