Tefredenheid oer Antillianen

20 aug 2009 - 21:25

Ljouwert is tefreden oer it Antillianebelied dat de ôfrûne jierren fierd is. Dat seit wethâlder Sluiter. Benammen kriminaliteit en it sûnder diploma fan skoalle gean ûnder jonge Antillianen komt no minder faak foar as foarhinne. Der hiene wol wat mear jongerein oan wurk holpen wurde kinnen.

Ljouwert is benaud dat it Ryk mei minder jild foar it belied oangeande Antillianen komme sil. De stêd sil dan sels mear betelje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)