Brân yn mûne Wommels

20 aug 2009 - 19:58

It wjerljocht is tongersdeitejûn ynslein yn de Aylvapoldermûne by Wommels. Troch de ynslach is der brân ûntstien yn de kap fan de mûne. De brânwacht koe foarkomme dat de mûne, boud yn 1846, ferlern gie. Persoanlike ûngemakken hawwe him net foardien.

Fyftich jier ferlyn hat de foargonger fan 'e Aylvapoldermûne ek yn 'e brân stien. Doe gie it hiele monumint ferlern. De hjoeddeistige mûne is yn 2000 út Hallum wei nei Wommels ferhuze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)