'Alle REC-ynfo iepenbier'

© Omrop Fryslân
Alle ynformaasje dy't fan belang is by de Reststofenerzjysintrale (REC) yn Harns is iepenbier makke. Dat seit in wurdfierder fan de provinsje yn reaksje op krityk fan in advokaat fan in groep tsjinstanners. Dy stelde dat der saneamde ferspriedingsberekkenings noch net bekend makke wiene.
Dat binne berekkenings dy't sjen litte oft en hoefolle fersmoarge loft der by sa'n ôffaloven ynaseme wurdt. It ûndersyksburo út Deventer hat ûnôfhinkelik wurke, seit de provinsje.