Minne dyk gefaar foar ferkear

It dykje tusken Holwert en Ternaard
De gemeente Dongeradiel hat in grutte efterstân yn it ûnderhâld fan diken en brêgen. En dat kin gefaarlik wêze foar it ferkear. Dat die woansdei ek bliken op in smel dykje tusken Holwert en Ternaard. In trekker mei oanhinger rekke dêr fan de dyk en bedarre yn de sleat.
Bewenners binne al mear as twintich jier dwaande om de dyk en benammen de bermen dêromhinne ferbrede te krijen. Mar dat is noch net slagge.