Grutste boathûs op transport

20 aug 2009 - 13:00
  • It boathûs yn de takels(foto's: Roelof Plantenga)

It grutste driuwende boathûs fan de rêdingsmaatskippij oant no ta, giet tongersdei yn Harns op transport. It is boud by oannimmersbedriuw De Boer en de Groot. It boathûs is 31 meter lang, 8 meter breed en weaget 55 ton. It is mei twa grutte kranen yn in binnenfeartskip takele.

It boathûs is bestimd foar de KNRM yn Dordrecht. Dêr wurdt it yn it Hollandsdiep lein. De Boer en de Groot hopet yn de takomst mear driuwende boathûzen te bouwen foar de KNRM.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)