Miljoenen foar spoar Harns

20 aug 2009 - 12:15

De provinsje en it Ryk stekke mei inoar in pear miljoen euro yn de treinferbining tusken Ljouwert en Harns. Doel is om de reistiid fierder werom te bringen en de trein better oanslute te litten op de fearboaten nei de Waadeilannen.

Dat hat deputearre Adema tongersdeitemoarn bekend makke by in wurkbesite oan ferfiersmaatskippij Arriva, dy't de treinferbining tusken Ljouwert en Harns fersoarget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)