V/d Heide mei sukses opereard

SC_Cambuur-middenfjilder Sandor van der Heide is tongersdei mei sukses opereard yn it MCL yn Ljouwert. Van der Heide hie lêst fan in knibbelblessuere. Der is in stikje fan de meniskus fuorthelle, dêr't in skuorke yn siet.
De oanfierder hopet oer seis wiken wer op it fjild te stean om wedstriden te spyljen. It wie foar Van der Heide de earste kear yn syn karriére dat hy opereard wurde moast om fan in blessuere ôf te kommen.