Wurkleazens Fryslân tanommen

20 aug 2009 - 10:48

It tal wurkleazen is de ôfrûne moanne yn Fryslân licht omheech gien. Mei elkoar kamen 574 minsken sûnder wurk te sitten. Fergelike mei Grinslân en Drinte docht Fryslân it dêrmei in stik minder. Yn dy beide provinsjes rekken folle minder minsken har baan kwyt.

Fergelike mei deselde perioade ferline jier is it persintaazje wurkleazen yn Fryslân groeid mei 13,4 persint. Mei inoar sitte no hast njoggentjin-en-in-heal-tûzen Fryske wurksykjenden thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)