Mishanneling op Skylge

© Omrop Fryslân
Yn Midslân op Skylge binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei trije jonges fan sechtjin út Zaandam oanhâlden, fanwege mishanneling. De plysje hie in melding krigen dat in jonge út Amersfoort mishannele wie. Hy hie klappen yn syn gesicht krigen.
De plysje koe de fertochten oanhâlde op in camping. Se binne meinaam nei it buro en dêr fêstset foar ferhoar.