Wim Stroetinga út Eneco Tour

19 aug 2009 - 21:21
  • Wim Stroetinga útfallen yn Eneco Tour

Hurdfytser Wim Stroetinga fan Alderbekeap is juster útfallen yn de earste etappe fan de Eneco Tour. De sprinter út de Dútske Milramploech foel healwei de rit tusken Aalter en Ardooie op syn skouder. Dy rekke dêrby út de kom en kniesd.

Neffens ploechlieder Gerry van Gerwen is Stroetinga wol in pear wike út de roulaasje. De etappe waard yn de massasprint wûn troch de Amearikaan Tyler Farrar fan de Garminploech. Hy stioet ek earste yn it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)