10de PC-winst Afke Hylkema

De Frouljus PC is woansdei wûn troch Maaike Wind, Gérieke de Groot en Afke Hylkema. Foar Afke Hylkema wie it al de 10de kear dat sy de PC wûn, in absolút rekôr yn dizze sport. Hylkema waard, ek foar de tsiende kear útroppen ta Keninginne fan 'e PC.
Yn 'e iensidige finale hie it partoer Wind net al te folle muoite mei Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Baukje Albers. De lytse preemje wie foar Joukje Kuperus, Margriet Bakker en Lisette Wagenaar.