Nije autodyk nei Starum

19 aug 2009 - 14:52

Der komt in nije autodyk nei Starum foar in bettere ûntsluting fan 'e Súdwesthoeke. De gemeente Nijefurd sil de hjoeddeiske ferbiningswei dwers troch Warns ferlizze nei bûten it mei in nije oansluting op de provinsjale dyk N359 nei Boalsert. De kosten wurde rûsd op 17 miljoen euro.

No noch rint de ûntslutingsdyk dwers troch it sintrum fan Warns. It auto- en frachtferkear smyt hjir no noch in soad ûnfeilige situaasjes op. It doarp Warns is dêrom bliid mei de plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)