Dales hie gjin djoere koffer

19 aug 2009 - 13:46

Ald-boargemaster en korpsbehearder Dales fan Ljouwert hie gjin attasjeekoffer fan 1500 euro. Dat seit Dales yn reaksje op deklaraasjes dy't opfrege en publisearre binne troch de Europeeske Klokkenluiderspartij.

Yn in brief fan de plysje oan dy partij wurdt de koffer wol neamd, mar neffens Dales giet it om in klûs dêr't de koffer yn koe. Dy hat hy wol yn syn hûs hân, mar is der wer úthelle doe't hy ôfskied naam as boargemaster.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)