Favorite partoeren troch

19 aug 2009 - 12:37

De favorite partoeren fan Maaike Joostema en Maaike Wind hawwe mei de nedige muoite de earste omloop op de Frouljus PC yn Weidum oerlibbe. Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra wûnen mei 5-4 en 6-0 fan Linda Terpstra, Marije Hiemstra en Wiljo Sybrandy.

Maaike Wind, Gérieke de Groot en Afke Hylkema hiene it benammen yn it begjin dreech tsjin Marie Heida, Brecht Gerbrandy en Marike Beckers mar wûnen wol mei 5-3 en 6-6.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)