Ikeprosessyrûp yn SE-Fryslân

De ikeprosessyflinter
Der binne 55 ikeprosessyflinters oantroffen yn de Stellingwerven. In proef mei lokfallen troch de gemeenten hat dat oantoand. Yn dy fallen sieten ikeprosesjeflinters. De flinters lizze aaikes en dat betsjut dat der takom jier ek ikeprosesjerûpen komme.
De brânhierkes fan it bistje kinne allergyske reaksjes jaan oan de hûd en irritaasje oan de luchtwegen. De rûp is al in skoft yn Brabân en Drinte en rukt no op nei Fryslân. Sa slim as yn Brabân wurdt it net, tinke de gemeenten.