Utjouwerij Biggad fallyt

19 aug 2009 - 11:28

Utjouwerij Biggad yn Easterwâlde is fallyt. It bedriuw jout kranten en tiidskriften út. Sa is Biggad ferantwurdlik foar hûs-oan-hûsblêd De Grijpvogel, dy't yn de Stellingwerven en Opsterlân ferspraat wurdt. By de útjouwerij wurdt ek it Museum Magazine en de 50VitaalPlus-krante makke. Ek beheart Biggad de ynternetsite fan jeuchdfuotbalklup Oostenburg.

By Biggad yn Easterwâlde wurkje sawat 10 minsken. Advokaat Van Rijssen fan it Hearrenfean is beneamd ta kurator.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)