'Alvestêden kânsryk by Unesco'

18 aug 2009 - 20:12

De Fryske Alvestêden soene troch kultuerminister Ronald Plasterk foardroegen wurde moatte foar de Unesco-wrâlderfguodlist. Nederlân mei dit jier ien lokaasje foardrage en dat mei mar iens yn de tsien jier. Deputearre Steaten hawwe Plasterk frege de Alvestêden offisjeel te kandidearjen. Deputearrre Steaten freegje de belutsen gemeentebestjoeren de foardracht mei út te wurkjen. DS tinke dat de foardracht goeie kâns makket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)