Djoer kofferke foar Dales

18 aug 2009 - 20:09

Ald-boargemaster fan Ljouwert Geert Dales brûkte in attasjeekoffer fan 1500 euro. Dat seit de Europese Klokkenluiderspartij op grûn fan ûndersyk nei de deklaraasjes fan Dales as korpsbehearder fan de plysje.

De koffer soe bestean út twa kluzen, ien foar thús en ien foar ûnderweis. Hy is besteld troch de plysje mar úteinlik betelle troch de gemeente. De plysje betelle wol de befeiliging fan Dales' hûs oan de Ljouwerter Offemar: €1500.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)