NAM siket oar plak boartoer

© Omrop Fryslân
Oaljemaatskippij NAM bout gjin boartoer yn it gebiet De Vleijen op It Amelân. Tsjin de lokaasje yn it rekreaasjegebiet tusken Nes en Bueren binne grutte beswieren by in soad Amelanners omdat in boarlokaasje it lânskip bedjerre soe.
Fanwege de beswieren hat de NAM in alternatyf plak socht. Tsjin in boarlokaasje eastlik fan Bueren soene minder protesten te ferwachtsjen wêze. Fanút De Vleijen soe der minder fier boarre hoegen te wurden.