Mear toeristen út buorlannen

© Omrop Fryslân
Yn de earste moannen fan dit jier hawwe folle mear toeristen út Dútslân en België yn Fryslân op fakânsje west as ferline jier. Dat seit Fryslân Marketing. It giet om in ferheging fan goed 19 persint. Grutste oarsaak is de resesje.
Toeristen kieze earder om wat tichter by hûs op fakânsje te gean, om't dat in stik goedkeaper wêze kin. Ek hat Fryslân Marketing it ôfrûne jier flink wat reklame makke foar Fryslân as fakânsjebestimming.