Boetes De Jouwer jilde net

© Omrop Fryslân
Minsken dy't ôfrûne freed har auto op 'e Jouwer delset hiene yn in strjitte mei in parkearferbod yn ferbân mei de Romantische Markt, hoege net benaud te wêzen foar in boete.
De plysje hat yn oerlis mei de gemeente en de brânwacht besletten gjin bekeuringen út te dielen, omdat de buorden dêr't it parkearferbod op oanjûn stie, te let pleatst binne. Dy waarden moarns om 11 oere hinne pleatst yn fjouwer strjitten. Doe stiene de earste auto's dêr al.