Fertraging reis skûtsjes

18 aug 2009 - 11:05
  • Noch sân boaten moatte oan board (foto: Martin de Jong)

De ôffeart fan it frachtskip De Flinterduin, mei dêrop tweintich skûtsjes en oare platboaiems dy't nei New York moatte, hat tiisdei fertraging oprûn. Fanwege problemen mei in kraan moatte der no noch sân boaten oan board takele wurde. Dat betsjut dat de reis fan Harns nei Amearika pas oan 'e ein fan tiisdeitemiddei begjinne kin.

De oertocht duorret goed 14 dagen. De boaten dogge mei oan de festiviteiten by it 400-jierrich bestean fan New York.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)