Weedplantsjes yn Weperpolder

18 aug 2009 - 10:31

Op de Weperpolder yn Easterwâlde binne moandei twa manlju fan 32 en 45 jier út dat plak oanhâlden fanwege it produsearjen fan softdrugs. Surveillearjende plysjes seagen de manlju yn de boskjes dwaande mei it fersoargjen fan sechstjin weedplanten.

It stel waard meinaam nei it buro. Yn harren auto leine in lyts bytsje harddrugs. Dy binne yn beslach naam en de weedplanten ek. De manlju binne heard op it buro, mar koene dêrnei wer nei hûs, mei in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)