Plysje hellet man út tinte
Op it Bonifatiusplein yn Ljouwert is moandei in man út de stêd oanhâlden, dy't dêr in tinte opset hie. Dat mei dêr net. De plysje hat de man út de tinte helle en fregen him om in identiteitsbewiis. Dat hie er net en dêrom moast er mei nei it buro.
Op it buro die bliken dat der noch ferskate boetes fan de man iepenstiene.