Tsjûge twingt auto te stopjen

© Omrop Fryslân
In 31-jierrige man út Warns is moandei troch in oare automoblist oan de kant set omdat de man tefolle drank op hie. De tsjûge hie sjoen dat de man nochal slingere mei syn auto. Hy helle him yn en sette syn auto dwers op de dyk, sadat de fertochte wol stopje moast.
De tsjûge hat de man syn kaaien ôfpakt en de plysje belle. Dy hat de fertochte meinaam nei it buro. Ut in blaastest die yndie bliken dat de man út Warns tefolle dronken hie. Hij moast syn rydbewiis ynleverje.