Fertochte jout plysje klap

18 aug 2009 - 10:08

De plysje hat moandei de hannen fol hân oan de arrestaasje fan in fertochte fan drugsgebrûk. Se seagen de man in coffeeshop oan de Gedempte Molenwijk op It Fean útkommen en woene him kontrolearje. Hy naaide út en doe folge der in achterfolging dy't fia in kleansaak op de Dracht, fia de Fok nei it stasjon gie.

Underweis krige in plysje in klap fan de fertochte. Uteinlik koe de man op De Barten oanhâlden wurde. Hy is oppakt foar mishanneling fan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)