Fiif Poalen pakt foar ynbraak

18 aug 2009 - 10:04

De plysje hat sneintenacht fiif Poalen oanhâlden op fertinking fan ynbraak. Plysjes yn boarger hiene de manlju yn de omjouwing fan it Groot Schavernek yn Ljouwert sjoen en fertrouden it net. Se krigen boppedat fan in tsjûge te hearren dat ien fan de manlju mei in tas fan in dak sprongen wie.

Doe't de fiif yn twa auto's útnaaiden, waard de achterfolging ynset. De iene auto waard by Wynjewâld oan de kant set, de oare by It Fean. Yn de auto's lei ynbrekkersark. De fiif sitte fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)