Twa Friezinnen op EK fuotbal

Nije wike begjint foar de Nederlânske froulju it EK fuotbaljen yn Finlân. Twa Friezinnen meitsje diel út fan de seleksje fan bûnscoach Vera Pauw. Keepster Loes Geurts en middenfjildster Sherida Spitse. Snein stiet de earste wedstriid tsjin de Oekraïne op it programma.
It is foar it earst dat Nederlân meidocht oan sa'n grut toernoai, mar Sherida Spitse fan Snits tinkt dat Nederlân wol kânsen hat.