Sprekoere yn Harns oer oven

Boargemaster Scheffer sit klear om alle fragen te beantwurdzjen
De gemeente Harns sil tenei alle tiisdeitemiddeis sprekoere hâlde oer de bou fan 'e ôffaloven by de stêd. Sa moat de kommunikaasje mei de boargers ferbettere wurde. Yn in iepen brief oan alle Harnzers skriuwt de gemeente dat sy neat te ferbergjen hat oer de komst fan de ôffaloven.
Neist de iepen petearen sil der ek in webside iepene wurde. Dêr kin elk syn of har miening kwyt of fragen stelle oer de komst fan 'e oven.