Hely mjit sâlt yn grûnwetter

In Dútske helikopter sil de kommende dagen boppe It Bilt en Skylge ûndersyk dwaan nei de sâlte kwel yn it grûnwetter. De aksje wurdt útfierd yn opdracht fan it bedriuw Vitens, de Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân en makket diel út fan in grut Europeesk projekt dêr't ek Denen en Dútsers oan meidogge.
De helikopter fljocht op in hichte fan 80 meter oer perselen dêr't it grûnwetter fan yn kaart brocht wurde moat.