Mear soa-testen by GGD

17 aug 2009 - 15:30

It tal minsken dat de ôfrûne jierren in soa-test dien hat by de GGD Fryslân is flink tanommen. Yn 2003 gie it om 786 minsken, ferline jier om 1272. Dat docht bliken út sifers fan de GGD.

Kampanjes dêr't yn oproppen wurdt om jo kontrolearje te litten op seksueel oer te dragen sykten hawwe goed wurke. Neffens in wurdfierder fan de sûnenstsjinst is dat de ferklearring. It tal jongeren dat him lanlik sjoen meldt foar in test wie yn 2003 15000. Ferline jier wiene it 35000.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)