Begjin bou MFC yn Warns

17 aug 2009 - 11:06

Dizze wike wurdt begûn mei de bou fan it multyfunksjoneel sintrum yn Warns. Yn it gebou komme twa legere skoallen, in sporthal, in pjutteboartersplak, berneopfang en in konsultaasjeburo.

Oanlieding foar de bou is dat guon gebouwen dêr't de organisaasjes no yn sitte, renovearre of nijboud wurde moatte. Takom woansdei wurdt de offisjele start fan de bou fierd. Skoalbern sille sketten om it bouplak beskilderje. Foar de simmer fan takom jier moat it nije sintrum klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)