Fokdei yn Aldeholtpea

16 aug 2009 - 14:23
  • Tjarda fan Ychten (foto's: Lenus van der Broek)
  • Eefke fan it Hiem

Fokferiening Het Friese Paard Wolvegea en omkriten organisearre freed en sneon de 58e fokdei yn Aldeholtpea. Freed waarden de Fryske hynste- en merjefôltsjes kard en sneon de oare hynders.

Algemien kampioen fan de fokdei waard de trijejierrige Tjarda fan Ychten fan de famylje Visser út Lunteren. De bêste hynstefôle waard Erik B. fan de famylje Bijl út Ketlik en de bêste merjefôle waard Eefke fan it Hiem fan de famylje Hiemstra fan Elslo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)