Twadde lustrum soleksklup

De Solex Helden 99 út Steggerda fierden dit wykein har twadde lustrum. Tsien jier lyn hie de hjoeddeistige foarsitter, Roelof van der Werf, in soleks en dat like mear minsken út Steggerda en omjouwing wol aardich.
Yntusken telt de klup 32 leden, wêrfan sân froulju. Yn de simmer wurdt ien kear yn de moanne in tocht yn de omjouwing organisearre mei start en einstreek by de thúshaven 't Stekkie yn Steggerda. Dit wykein waarden twa ferrassingstochten organisearre.