Fytser ferstoarn nei ûngelok

© Omrop Fryslân
In 32-jierrige fytser hat sneon op de Kilometerwei by Nyegea in slim ûngelok krigen. Hy is snein ferstoarn oan syn ferwûnings. Hy is nei alle gedachten sa de dyk opfytst. Der kaam op dat stuit krekt in auto oan en dy koe de fytser net mear ûntwike.
Personiel fan de ambulânse en de traumahelikopter hawwe de man earst noch stabilisearre. Dêrnei is er nei it UMCG yn Grins brocht. Dêr is er letter ferstoarn.